Doarpsjûn

Klún & Knoffelhakke spielje Dikke Maten

As jo al fanôf 1994 tegearre op ‘e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne dikke maten wurden. Mar… Hoe moatte wy dit eins lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte?

De programma's fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún & Knoffelhakke besykje der in show fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen.  En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen…

Dikke maten  is alwer de achtste sjo fan it Hantumer teaterduo Broer Douma en Hendrik van der Heide. Al hast 25 jier  witte se oeral dêr't se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in  noflike jûn besoargje. Lekker laitsje...  

Datum: 
vrijdag 23 maart 2018 - 20.00
surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia