De mannen van de overval

Nei oanlieding fan de oerfal op’e Ljouwerter finzenis, de Blokhúspoart, troch de ûndergrûnse op 8 desimber 1944, is der, no 75 jier letter, in boek mei boppesteande titel ferskynd, skreaun troch Hessel de Walle. It giet dêryn oer heroyk en tragyk fan de 26 mannen dy’t oan de Oerfal meidien ha. In heldedied wie it. Troch mannen dy’t fan harsels seine gjin held te wêzen, mar mei oertsjûging diene wat dien wurde moast, 51 minsken har frijheid werom jaan.

Hoefolle is der al net oer skreaun. Ek is der yn 1962 in film oer makke om wér te jaan hoe’t it wêze kind hie. Mar om in aksje op libben en dea, lykas dizze, echt wer foar it fuotljocht te krijen is hast net te dwaan... De skriuwer fan dit mânske boekwurk, lykwols, woe fan al dizze KPmannen mear te witten komme. Al koe er harren sels neat mear freegje om’t der net ien mear fan yn wêzen is, dochs wûn er fan elk fan harren hiel wat ynformaasje yn.

Wol seit de skriuwer yn it foaropwurd dat er yn maaie 2007 in útfoerich petear hân hat mei Goffe Hoogsteen, ien fan dy KPmannen. Hiel folle minsken sille dizze Surhúster noch kenne as de eigner fan de meubel- en wenningynrjochtingsaak hjir yn it doarp. Twa fan syn bern, hikke en tein yn Surhuzum, wenje hjir noch. Janny de middelste dochter en soan Henk.

Troch de oprop fan Tresoar yn de foarige Grutte Gelf om mei te dwaan oan it skriuwen fan in koart ferhaal oer “75 jaar vrijheid” ûntstie it idee om as in soarte fan earbetoan oandacht te besteegjen oan it feit dat wy ús frijheid mei te tankjen ha oan dyselde Goffe Hoogsteen. Syn heit, Hindrik Hoogsteen, hie hjir doedestiids in timmerbedriuw. Dy die syn uterste bêst om wêr't er mar koe de Dútsers dwers te sitten. Sa joech er ûnderdak oan minsken dy’t foar harren op’e flecht wiene en koe er bonkaarten bemachtigje sadat dizze minsken te iten hiene.

Sa krige ek Goffe, in goeie tweintiger, alderhanne kerweikes te dwaan dy’t mei it ferset te meitsjen hiene. Rôle er ûngemurken fan it iene yn it oare. Yn 1942 komt de Arbeitseinsatz op gong en wurdt Goffe goedkard om yn Dútslân tewurk steld te wurden. Hy wol dat net; dûkt ûnder, komt sadwaande by kunde yn Haarlem telâne. Dêr wurdt syn ôfkear en haat tsjin de Dútsers nammerste grutter as er sjocht wat de razzias tsjin ûnderdûkers en joaden, teweech bringe.

Op 16 april 1943 is it de bedoeling fan de Ingelsen om de wurkpleats fan de Spoarwegen te fernielen mar bombardearje per fersin de Amsterdamsebuert yn Haarlem. It gefolch is in drama dat 85 minsken it libben kostet. Ek syn hospita oerlibbet it net en har hûs leit yn pún. Tegearre mei Wim Leistra ek in ûnderdûker, giet Goffe dan werom nei Surhuzum.

Begjin 1944 ûntstiet der yn ús doarp in saneamde Knokploech dy’t bestiet út Ale Ytsma, Jakob Abels en Hepke Pauw fan Gerkeskleaster, Wim Leistra en Goffe Hoogsteen, mei Hindrik Hoogsteen as de natuerlike lieder. Goffe syn beide susters Aal en Geartsje hantlangje wêr’t se mar kinne. Sa lit de Surhúster KP in trein ûntspoare, plege se in ynbraak yn it molkfabryk, stelle fytsbannen en hawwe noch folle mear fersetsdieden op har namme stean. Mar de aksje om yn Harkema in terskmasine yn’e brân te stekken kriget in tragysk gefolch. It doel wie nammentlik om te behinderjen dat boeren foar de Wehrmacht oan it wurk gean soene. Mar in ûnderdûker, dy’t yn in skuorke dêrneist leit te sliepen, komt yn’e flammen om. Lammert de Haan is amper 20 jier âld.

By elke ûndernimming fan de ûndergrûnse moat de ôfwaging makke wurde oft de fijân ek represailles nimme sil. Mar fêst stiet dat de oerfal op de Blokhúspoart troch de provinsjale KP ûnder lieding fan Pyt Oberman, wól útfierd wurde moat omdat der binnen en bûten de finzenis minskelibbens yn gefaar binne. De aksje, dêr’t gjin skot by lost wurdt, slagget bjusterbaarlik goed. De Dútsers sels fûnen it nei ôfrin miskien ek wol sá’n huzarestik, dat represailles útbleaun binne. Nei ôfrin is de blydskip oer it slagjen fan de Oerfal wol sa grut dat dy mei gjin pinne te beskriuwen is. Mar leit it foar de hân dat der no wol ûnderdûkt wurde moat. De Surhúster Knokploech wurdt dêrnei opsplitst nei Aldegea en Ljouwert.

Goffe Hoogsteen hat wol hiel folle maleur want hy wurdt oppakt troch de SD as er mei syn lettere frou Antje Baukje Riedstra in kuierke makket yn’e stêd. Sa belânet er yn’e Blokhúspoart dy’t er krekt dêrfoar sels oerfallen hat. Aldergelokst wurdt er net werkend as dielnimmer fan de oerfal. Hy wurdt mishannele, simulearret in maachkwaal, leit seis wiken yn it sikehûs, mar komt wer frij.

Nei de befrijing wurdt er op de Wilhelminahoeve yn de Grinzer-Peen as Militêrkommandant oansteld om op NSB froulju te passen. Dêr soene oars wraaknimmings op útoefene wurde kinne. Dêrnei begjint it gewoane boargerlibben wer. Syn skûlnamme “Theo” hoecht er net mear te brûken.

Yn’e oarlochsjierren wie, hast net te sjen, yn’e apelhôf achter it hûs fan Hindrik Hoogsteen oan’e Bartemerwei, in hoale útgroeven dêr’t ûnderdûkers yn oernachtsje koene. Op it hûs kaam nei de befrijing yn kreaze letters de earenamme te stean: “De Skûlkelder”.

Harmen Scheepsma

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia