Iepening bakkerijwinkel Bôle ensa yn Surhuzum

O, wat binne wy tige blij
Wy ha yn ús doarp wer in bakkerij
Gie betiid en bliid der hinne om foto's te meitsjen
Mar der wie spitergenôch niks te sjen en te laitsjen
Ferwachte in wolkomstkomitee te stean
Om offisjeel mei Gepke it earst de doar yn te gean
Bin teloarsteld , bin mar wer nei hûs ta fytst
Fielde my hjirtroch dochs in bytsje tryst
Letter de winkel mei freondinnen besocht
En dy reis wie gelokkich net om 'e nocht
Under it genot fan kofje mei gebak
Koene wy de winkel besjen op ús gemak
Der ûntsie yn de winkel in gesellige sfear
Omdat it dûbel feest wie dit kear
Omdat Dennis en Aletta in  dochter krigen hie wie it ien en al fleur
En dêrom hie de slachrjemme op 't gebak in rôze kleur
Bûten bôle en gebak en folle mear, fynt men der kofje, tee en tsiis
Mei wer in bakker yn ús doarp binnen wy dan ek tige wiis
Litte wy der dan meielkoar foar soargje dat dizze bakker bliuwe wol
Keapje, krekt as foarhinne, no  fuortoan by Gepke jim bôle, broadsjes en bol
Dus... der hinne en net stinne

Besjoch hjir alle foto's 

Foto's: Djoeke Postma-de Jong

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia