Lytse Wiebe

Yn it hûs oan’e Bartemerwei dêr’t Wiebe Nauta wennet, hie syn heit Tseard, eartiids in knip en skearwinkel. Elke Surhúster wist fan him en syn frou Gryt. Gjin wûnder fansels, want wa’t dêr ienkear klant wie, liet him elke kear wer sjen. Jongfeinten dy’t oan’e moade meidwaan woene krigen brillantine yn it hier smard. Tseardkapper liet troch­geans lûde, fleurige muzyk skalle, wylst er oan it wurk wie. Syn frou dy’t ek faak yn’e saak te finen wie, ferkocht snoep en tabak oan dejingen dy’t op har beurt sieten te wachtsjen en oars net diene as sterke ferhalen fertelle. Dêr die se sels ek graach oan mei en lake dan dat it skattere. Men soe sizze kinne, it wie as yn’e de tiid fan: “Toen was geluk heel gewoon”.

Fjouwer bern wiene der: Jappie, Anneke, Sjoukje en de jongste, Wiebe. Dy wennet sûnt 1985, no mei syn frou Jeltsje yn it hûs fan syn âlden. Hja hawwe trije bern tegearre: Theo, JanKarst en Lutske. Doe’t lytse Wiebe, sa’t er faak neamd wurdt, yn 1968 klear wie mei syn timmeroplieding, kaam er te wurkjen by syn buorman,Rommert Kats. Deis timmerje en jûns nei de fierdere fakoplieding makke him ta in fakman dy’t fan alle merken thús is.

Wiebe is 36 jier âld as er sollisitearret by “Wijbenga Stand- en Tentoonstellingsbouw” yn’e Falom. Hy hat dêrfoar al by mear oannimmers wurke mar dit bedriuw hat hiel oare wurkstikken ûnderhannen. Rûnom yn’e wrâld bouwe se hjir nammentlik, as der beurzen organisearre wurde, tentoanstellingromtes op. Der binne wol sa’n 15 man oan it wurk dy’t dêr yn ploechferbân op út stjoerd wurde om foar dielnimmers ferkeap fan har produkten mooglik te meitsjen. Mei tekenjen en timmerjen wurdt yn kantoar en wurkpleats thús, dan al wer muoite dien foar in folgjende opdracht.
Al gau docht bliken dat dizze sollisitaasje foar Wiebe in skot yn’e roas west hat want neist arbeidzjen, is it allinne mar wille en aventoer wat er tenei meimeitsje sil. Hy belibbet wier, fan alles! As hja, fier fan hûs, op kerwei de hiele dei hurd wurke ha, wolle se nei ôfrin faak wol even sjen wêr’t hja telâne kaam binne. Sa binne se yn Dútslân foar Spinder Stalinrichting en wolle jûns mei inoar yn Hannover wol earne in bierke drinke. Hja sjogge om in Kneipe, in kroech, ropt in jogger har yn it Frysk ta dat se dêr mar 100 meter foar hoege te rinnen. Hoe bestiet it, sa fier fan hûs in Fries om utens tsjin te kommen!  Hy komt yn België foar MoBa, “Mosterd uit Barneveld” om in stand te meitsjen. Giet foar Ketel1 nei Luxemburg. Foar “De Friese Vlag” alhiel nei Peking. Beklimt ek de Eifeltoer as yn Parys op’e Bakkersbeurs in Hellemastand komt te stean. Yn’e ­fleanmasine nei Frankryk ta falt er hast fan syn stoel as de stewardes him yn it Frysk oansprekt. De Fransêze hie soks leard doe’t hja as lyts famke mei har âlden faak yn Fryslân kaam. Omdat er sa fluch en behindich is, is Wiebe foar dit soarte wurk dêr’t soms hast akrobatyske toeren foar úthelle wurde moatte, letterlik oeral ynsetber.
Yn Atlanta, oerkomt it him dat er foar méár as fol oansjoen wurdt, as der in dakloaze op him ôf komt. Dy hie ûndutsen dat Wiebe yn in djoer hotel oernachte en frege om jild, dat Wiebe, dy’t begrutsen krige, him ek taskikte mei wat te iten.Underwilens die er lykwols wol út’e doeken dat er hielendal gjin direkteur fan dit of dat wie mar gewoan fier fan hûs, foar frou en bern oan it wurk. Sa goed docht it him dan oan, dat as er deselde man letter wer tsjinkomt, dy gjin sint mear oannimme wol omdat er no wit hoe’t syn nije maat út Hollân sels ek bodzjen moat om oan’e kost te kommen.
Hiel oars is it ferhaal fan de man, dy’t skandegenôch oan leger wâl rekke wie. Ek yn Atlanta. Hy freget Wiebe  om in sigaret, dy’t him dan syn sjekpûdsje oerlanget, sadat er ien draaie kin. Mar de man kin him dêr net mei rêde. Tinkt, as hy der al wat mei omtsjoend hat, dat it om in sticky giet. Om drugs! Deabenaud dat Wiebe ien fan de stille plysje is en  him der sa ynluzje wol, ropt er: “He got me!” =  No bin’k der by!

In foto fan dit akkefytsje, dy’t syn maten der gau fan makke ha, hinget by Wiebe, no pensjonaris, thús yn’t hok,sadat er dêr as er wat oan it nifeljen is, oan werom tinke kin. Dat nifeljen is syn deistich fermeits wurden.  Tritich jier lang hat er mei nocht en ynmoed syn bysûndere fak útoefene mar no’t er deis moai by syn Jeltsje thús is en foar har kerweikes opknapt dy’t altyd alris soene, genietet er fan elke nije dei.

Harmen Scheepsma

Foto’s: Djoeke Postma-de Jong

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia