Nijs fan Pleatslik Belang

Simmer yn Fryslân! Hooplik hat eltsenien in noflike fekânsje hân en wer enerzjy opdien hat foar de kommende tiid. 

Dit jier is ús sekretaris stoppe mei syn wurksumheden. Gewoanwei soenen wy ús tank útsprekke tidens de jiergearkomst. Spitigernôch is dit troch Corona útstelt. Om’t hy fansels net ivich trochgean kin, wolle wy André Barwegen lâns dizze wei tank sizze foar syn ynset! Ek sille wy soargje dat hy in geskikt presintsje oanbean kriget.

It konsept “woonvisie” (2020-2025) leit ta digitaal ynsjen klear by de Gemeente Achtkarspelen. De wenningmarktanalyse en de byhearende doarpenatlas kinne jo fine op de webside van de Gemeenteriid: https://ris2.ibabs.eu/Reports/ViewListEntry/Achtkarspelen/30d262eb-2ef8-...

It konsept leit oant en mei 3 septimber ta ynsjen. Jo kinne tidens dizze termyn reaksje jaan op it plan. Dat kin skriftlik (richte oan’t kolleezje fan Boargemoaster en wethâlders fan de Gemeente Achtkarspelen, Postbus 2, 9285 ZV Buitenpost) as troch in email te stjoeren oan gemeente@achtkarspelen.nl . As jo fragen ha dan kinne jo skilje: 14-0511 (eltse wurkdei fan 9.00-16.30).

It bestjoer fan Pleatslik Belang wurdt stadich oan wer wat lytser. Wy soenen it prachtich fine at der mear minsken binne dy’t sich oanslúte wolle by it bestjoer fan Pleatslik Belang. Fansels kinne jo earst ris in gearkomst bywenje om te sjen at it wat foar jo is. Binne of kinne jo ien dy’t graach wat foar de mienskip betsjutte wol en dy’t nocht hat oan in (frijwilligers)funksje binnen ús bestjoer? Lit it ús dan gau witte! At wy allegear in bytsje dogge, hat hiel Surhúzum der wat oan! 

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia