Nijs fan Pleatslik Belang

2021, in jier fol nije ferwachtingen, goeie foarnimmens, mar ek in jier wêryn we noch te meitsjen hawwe mei de lockdown. Foar de ien swierder as foar de oar, mar it grypt ús allegear oan! In jier wêryn we noch better om elkoar tinke moatte, der foar elkoar wêze moatte en stypje wêr wy dat kinne. Wannear der minsken binne dy’t help nedich binne, foar in boadskipke of soksawat, dan binne wy dêrta altyd ree. Wy wolle alle minsken graach freagje om sa goed as mooglik de maatrigels te folgjen, sadat wy hooplik ek sa gau mooglik wer mear frijheden krije. En ferjit boppedat net te genietsjen fan dat wat noch wol kin!

2021, it jier dat de Balkespringer ferhuze is nei de Doarpsstrjitte. It hat hiel wat fuorten yn ’e ierde hân, mar it is slagge. Dat it net sammar klear wie, bliekt wol út de âlde stikken, ferskate minsken ha sich dêrfoar ynsetten en yn it bysûnder wolle wy graach wijlen Harmen Scheepsma neame. Harmen hat sich grif ynsetten om de Balkespringer by it tsjerke te krijen, dêr wêr’t der neffens de measte minsken ek heart. En dat is slagge!
By de keus fan de lokaasje is ek de keunstner belutsen west. De konstruksje is oanpast en it byld hat in ûnderhâldsbeurt hân. Yn maart sil der in fotomomint plak fine mei wethâlder Max de Haan, fansels ôfhinklik fan de maatrigels.

Bistepôle
Wy wolle elkenien fersykje om de hûn oan de line te hâlden rûnom de bistepôle. Ek leit er gauris wat stront omhinne, rûmje dit dochs efkes op! 

Efkes foarstelle:
Ik ben Aafke Rijpma getrouwd met Gerlof Rijpma. Heb 4 kinderen en woon op Uterwei 18. Ik werk 3 ochtenden in de week bij de Kwadrant Groep en ik help mee in ons bedrijf de siersmederij.
Sinds september zit ik in het bestuur van Plaatselijk Belang. Dit vind ik erg leuk, omdat je nu wat meer betrokken bent bij het dorp en weet je wat er gaande is. Ik hoop dat ik mijn steentje kan bijdragen.

Wy hawwe al in oantal berjochten krigen fan guon dy’t graach in flagge bestelle wolle. Ofhinklik fan hoefolle animo der krekt is, kinne wy de krekte priis fertelle. 
Wolle jo in flagge bestelle, dan hearre wy dat graach. Dat kin fansels efkes troch in appke nei ien fan ús bestjoersleden as troch in mailtsje te stjoeren nei pbsurhuzum@surhuzum.nl. Jo binne fansels ek frij om ien fan ús bestjoer oan te sprekken.

Groetnis, Pleatslik Belang

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia