Laatste nieuws

Nijs fan Pleatslik Belang

Alderearst folget hjir in belangryk berjocht. De AED sil fan hjoed ôf oan net mear te finen wêze op it plak dêr 't jo it wend binne: oan de Bartemerwei by Hedzer van Kammen. De reden is dat de AED hjir konstant yn de sinne hinget en dat net befoarderlik is foar it libbensbehâld fan it apparaat. Ferskate Surhústers hawwe de hannen ynien sletten en der is gau in nij plak fûn. Fan hjoed ôf sil it AED apparaat te finen wêze oan de Doarpsstrjitte, tsjinoer de brievebus, by TM Verhuur ûnder de oerkapping/carport. 

Nijs fan Pleatslik Belang

Op tiisdei 10 maaie fûn de ledegearkomste fan Pleatslik Belang plak yn Pannenkoekenhuis Landzicht. Nei trije jier koene wy wer in kear byinoar komme. Hoewol ’t wy in wat gruttere opkomst ferwachte hiene, binne wy wiis mei de ynbring dy ’t wy krigen hawwe en dêrfoar wolle wy de oanwêzigen hertlik tankje. 

Hjirûnder lêze jo wa 't der dit jier dik fertsjinne yn it sintsje set waard.

Nijs fan Pleatslik Belang

Subsydzjes 
Pleatslik Belang is op dit stuit dwaande om te ynventarisearjen wat de mooglikheden binne oangeande subsydzjes. Sa binne der koartlyn twa ideeën yntsjinne by de provinsje fia it programma Stim fan Fryslân. Dit is in platfoarm bedoelt om Friezen mear belutsen wêze te litten by de provinsje. Op it online platfoarm Stim fan Fryslân hat Pleatslik Belang twa ideeën yntsjinne. It earste idee wat wy yntsjinne hawwe is in plakette mei in Fryske tekst oer de Balkespringer dy ’t yn oerlis mei de PKN tsjerke oan it stek fan de tsjerke hongen wurde sil.

Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste Surhústers, 

Útnoeging ledegearkomste / Uitnodiging ledenvergadering
It mei wer: byinoar komme. Pleatslik Belang organisearret tiisdei 10 maaie har (gewoanlik) jierlikse ledegearkomste, mei as sprekker wykagint Hindrik de Haan. De ynrin is om 19.30 oere en we begjinne om 20.00 oere.

Datum: 10 maaie 2022
Tiid: 20.00 oere (ynrin fanôf 19.30 oere)
Lokaasje: Pannekoekhûs Landzicht, It Sûd 13 Surhuzum

Nijs fan Pleatslik Belang

Bêste Surhústers, 

De pandemie is noch mar krekt foarby en it liket wol as kin de tredde wrâldkriich elts momint begjinne. Wy binne bliid dat wy ús as Pleatslik Belang net mei dit soart saken dwaande hoege te hâlden. Wy binne ek bliid dat de corona-maatregels no wer fuort binne en wy sjogge wer út nei de kommende tiid wêr’t wy elkoar hooplik wer mear sjen kinne by ferskate aktiviteiten.

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia