Gosse van der Meer, avonturier op ’e fiets

Gosse van der Meer, 23 jier âld, fjildrider en altyd ûnderweis. No hat er in lyts momint fan rêst. De hurdfytser kin thús by heit en mem efkes útblaze fan syn lange reis dy’t er krekt makke hat nei de oare kant fan de wrâld om dêr te fytsen. Hy ried wedstriden yn Australië en Sina. Fan de fiif dy’t er der ried, wûn er trije en waard twa kear twadde.

“Ik gie nei Australië om’t myn fytssponsor dêr belangen hat”, sa fertelt Van der Meer. Hy wurdt sponsore troch it Dútske merk Bombtrack. Down Under is dat populêr: “Se fregen oft ik dêr fytse woe. Ja fansels, graach! Ik koe dêr in pear wedstriden dwaan en boppedat moai traine.”
Foar Van der Meer is it in nij begjin. Ferline jier stapte er op by syn Belgyske ploech en letter foel er hurd en rekke blessearre oan syn knibbel. Van der Meer makke it beslút om it folslein oars te dwaan. Hy begûn syn eigen ploech en fûn in oar paad om punten te samljen foar de UCI-ranking. Dy binne fan belang foar de startposysje yn fjildrydwedstriden.

Australië
Yn Australië wûn Van der Meer fuort syn earste wedstryd. “In lytse koers, nasjonaal. Net fan grut belang, mar wol moai om te winnen fansels.” Dêrnei kamen twa oare wedstriden der’t al punten te fertsjinjen wiene. Hy waard twa kear twadde. “Machtich om mei te meitsjen. Benammen ek foar de sponsor. Dat merk is dêr ôfgryslik populêr, benammen om’t de minsken dêr in soad ferhalen meitsje op Instagram. Eltsenien werkende my dus ek al. Ik krige fan alles oanbean en eltsenien woe wol meitraine.”

Sina
Nei fjouwer wiken Down Under wachte it fleantastel nei Sina. Dêr stiene twa ritten op it programma. “Ik hie earder alris yn Sina riden. De organisaasje koe my dus al en sadwaande steane je dêr dan oan de start.” It libben wie lykwols net maklik. Van der Meer moast benammen oppasse mei it iten. “Ik hie myn tas fol mei blikjes tonyn en fleis. Dat rierde ik dan mar troch myn rys. Griente kin je ek net samar ite, want hoe ha se dat wosken? Mei kraanwetter? Je witte it net.”
Van der Meer wie ien fan de minsken út in grutte groep fytsers dy’t dêr de koersen by delgiet. Ien fan harren wie al gau siik, in oar koe nei hûs nei’t er fan it buffet iten hie. “Wy kamen in kear lâns in tankstasjon en dêr lei fruit. Dy man wie binnen fiif minuten útferkocht.”

Syn fyts
Van der Meer rûn yn Sina fuort al tsjin in probleem oan: syn fyts wie poater. Dy lei by oankomst in Sina noch yn Maleizië. Flak foar it begjin fan de earste race waard de fyts brocht en koe er meidwaan. Net sûnder sukses dus. Ek al foel hy in kear, Van der Meer bleau rêstich en helle eltsenien by en wûn de wedstriid nei in klim.
De twadde race wûn hy nei in spannende sprint. “Ik doarde net mei beide hannen yn de loft oer de finish te gean, sa close wie it.” Sa helle Van der Meer UCI-punten en prizejild binnen. Van der Meer hie himsels yn it ferline in tasizzing dien: by winst yn in offisjele UCI-wedstriid in jacuzzi keapje. “Ik ha it net dien”, laket er. “Dy dingen frette stroom en hoe faak sit ik der yn? Ik ha no wat oars kocht.”

Foar de sponsor wie syn winst yn Sina ek nijsgjirrich. “In grut part fan de ûnderdielen wurdt makke yn Azië. Ik ha dus de fyts nei myn winst ek pontifikaal yn byld set. Dy wie op lanlike tv yn Sina. De baas yn Dútslân hat in soad telefoantsjes hân fan entûsjaste produsinten. Dat wie in moaie promoasje.”

Nije aventoeren
It aventoer is noch net foarby. De kommende wiken set Van der Meer ôf nei Switserlân. Dêr rydt er wer tal fan wedstriden. Dan troch nei Tsjechië om wer werom te gean nei Switserlân. Hy hopet dan genôch UCI-punten sammele te hawwen om in startrige op te skowen by de grutte races yn Nederlân en België, de saneamde Superprestige wedstriden. Oare aventoeren lizze ek al yn de planning. Van der Meer: “Se ha my frege om te fytsen yn Japan en ek om werom te kommen yn Sina. Dat liket my wol wat.”

As alles goed giet is Van der Meer yn oktober te sjen yn Nederlân by de Superprestige fjildrit yn Gieten. (Foto’s: Hayo Bootsma, Lotte Jacobs)

Hayo Bootsma, Omrop Fryslân

surhuzum.nl multimedia
surhuzum.nl multimedia