Bêste Surhústers,
De pandemie is noch mar krekt foarby en it liket wol as kin de tredde wrâldkriich elts momint begjinne. Wy binne bliid dat wy ús as Pleatslik Belang net mei dit soart saken dwaande hoege te hâlden. Wy binne ek bliid dat de corona-maatregels no wer fuort binne en wy sjogge wer út nei de kommende tiid wêr’t wy elkoar hooplik wer mear sjen kinne by ferskate aktiviteiten.
Bêste Surhúster,
Nei Bûtenpost en It Fean komme no ek de oare doarpen yn Achtkarspelen yn oanmerking foar glêsfezel. Wy binne entûsjast en sjogge it as in grutte ferbettering foar ús doarp. Op 27 jannewaris waard Pleatslik Belang ien op ien ynformearre troch de minsken fan Deltafiber. Wy hâlde elkenien op ’e hichte fan it lêste nijs oer glêsfezel fia www.surhuzum.nl, de Facebookside SurhuzumNL en fansels fia de Grutte Gelf.
Ter voorbereiding op het werk aan de Uterwei plaatste Wiertsema & Partners in opdracht van de provincie Fryslân deze week peilbuizen. De peilbuizen geven inzicht in de grondwaterstanden. Die informatie is van belang voor de aanleg van de fietstunnel ter hoogte van de Rysloane in Surhuzum.
Surhúster flaggen
Der binne wer nije Surhúster flaggen beskikber. Neist de flaggen mei standert ôfmjittings (150 x 100 cm) hawwe wy no ek – op fersyk fan guon út it doarp – grutte flaggen (225 x 150 cm) beskikber. De priis foar in lytse is €15,- en foar in grutte €35,-. Wês der fluch by, want se binne yn in smook fuort.
De flaggen binne te bestellen en ôf te heljen by Aafke Rijpma (mob. 06-25230527) op de Uterwei 18.