
Op 8 april holden wy ús jierlikse ledegearkomste. Mei 50 oanwêzigen kinne wy sprekke fan in moaie opkomst.
Pleatslik Belang hat it ôfrûne jier minder aktyf west as oare jierren, Mar it wie goed om in tal saken mei-inoar beprate te kinnen. Hjirûnder wat mear oer de saken dêr 't wy it oer hân hawwe. Foar fragen hjiroer kinne jo kontakt mei ús opnimme fia pbsurhuzum@surhuzum.nl
Wurkgroep wenjen
Oer de wurkgroep wenjen moatte wy jim witte litte dat der fertraging ûntstien is by de gemeente troch omstannichheden. Oanfanklike planning wie dat yn 2025 begûn wurde koe mei it projekt, mar it is wis dat dit net mear slagje sil. Wy dogge der alles oan om de gong der yn te hâlden en wy binne yn ôfwachting fan in nije planning. Wy bale hjir hiel bot fan en de moed sakket ús út en troch yn de skuon.
Gearwurking tusken Surhuzum en Stynsgea
Sa 't jim lêzen hawwe yn in foarige edysje fan de Grutte Gelf wolle wy graach mear de gearwurking mei Stynsgea opsykje. Wy kinne jim ûndertusken witte litte dat wy út beide doarpen genôch minsken by elkoar krigen hawwe om in kommisje opsette te kinnen. Wy sille meikoarten foar it earst byinoar sitte en de earste ideeën mei-inoar útwikselje. Letter mear hjiroer.
Ferkearsituaasjes
De measte ûnderwerpen tidens de ledegearkomste giene oer ferkearssituaasjes yn en om Surhuzum hinne. Sa sil der mear parkeargelegenheid makke wurde op de HJ van der Veenstrjitte, sil de oare helte fan It Langfâl ek twa drompels krije en tinkt de gemeente nei oer in alternatyf foar de weifersmellingen op It Noard. Dêr wurdt noch altyd fierstente hurd riden en de weifersmellingen dy 't der no binne wurkje net goed.
Kornelis van Dekken yn ‘t sintsje
Kornelis van Dekken set him al jierren yn foar ús doarp as frijwilliger. Sa sit er yn de redaksje fan de Grutte Gelf, mar ek beheart er de webside www.surhuzum.nl. Dit hat er dien sûnt 2005, en dat wylst er al jierren net mear yn Surhuzum wennet. Earder dit jier krigen wy in telefoantsje krigen fan Kornelis dy 't witte liet dat hy stopjen giet mei it behearen fan de webside. Wy fine dit hiel spitich, mar wy begripe syn beslút. Wy hoegden dit jier net lang nei te tinken oer wa ‘t wy yn ‘t sintsje sette woene. Dat wie fansels Kornelis.
Kornelis waard út namme fan Pleatslik Belang troch Klaas Pool hertlik betanke foar syn jierrenlange ynset. Kornelis hat oanjûn noch wol belutsen wêze sil by de oerdracht. Wy binnen no fansels drok op syk nei in nije oplossing foar it behear fan ús webside. Mochten jo hjir ideeën oer ha, diel se dan mei ús. Op de foto: Kornelis van Dekken wurdt bedankt troch Klaas Pool.
Treja Boersma ôftredend bestjoerslid
Sa 't in soad fan jim fêst witte sille Han en Treja van It Noard ynkoarten ferhúzje nei Stynsgea, dêr 't se in moaie wenning fûn hawwe. Dit ta ús spyt, want Treja hat de ôfrûne trije jier in wurdearre bestjoerslid west. Wy wolle Treja betankje foar har ynset de ôfrûne trije jier en wy winskje har en har gesin in hiel soad wenwille ta yn it moaie Stynsgea. Op de foto wurdt Treja bedankt foar har ynset troch Klaas Pool.
Frieda Boonstra as gastsprekker
Ut namme fan de gemeente wie Frieda Boonstra oanwêzich as gastsprekker. Frieda is doarpekoardinator by de gemeente Achtkarspelen, in funksje dy 't de ôfrûne fiif jier net ynfolle wurde koe, wat foar ús in grut gemis wie. De doarpekoardinator helpt ynwenners fan de gemeente mei it finen fan de juste persoanen binnen it gemeentehûs foar harren fragen. Bygelyks oer lestige ûnderwerpen lykas de ûntflechting fan ús gemeente mei buorgemeente Tytsjerksteradiel.
Oan de hân fan in petear tusken Frieda Boonstra en Klaas Pool krigen de oanwêzigen mear útlis oer de ûntflechting fan de gemeente Achtkarspelen en de gemeente Tytsjerksteradiel. De fragen dy 't út it publyk kamen koene troch har en de inkelde oanwêzige riedsleden fan de gemeente Achtkarspelen beäntwurde wurde. Hawwe jo ek in fraach foar Frieda? Lit it ús witte en wy bringe jo mei har yn kontakt.
Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang Surhuzum