Nijs fan Pleatslik Belang
De ôfrûne tiid binne wy dwaande mei it foarmjen fan in nij bestjoer foar Pleatslik Belang. De petearen dy’t oant no ta fierd binne, jouwe ús fertrouwen dat in trochstart mooglik is. Dat is goed nijs foar Surhuzum.
De krekte ynfolling is noch net hielendal klear. Dêrom kinne wy op dit stuit noch gjin nammen bekendmeitsje. Yn de folgjende Grutte Gelf hoopje wy mear te fertellen oer it nije bestjoer en hoe’t Pleatslik Belang fierdergiet.