
Bêste Surhústers,
Útnoeging ledegearkomste Pleatslik Belang Surhuzum
Pleatslik Belang organisearret moandei 1 juny 2026 har jierlikse ledegearkomste. De ynrin is fanôf 19.30 oere en om 20.00 oere begjint de gearkomste.
Datum: 1 juny 2026
Tiid: 20.00 oere, ynrin fanôf 19.30 oere
Lokaasje: Pannekoekhûs Landzicht, It Sûd 13, Surhuzum
Wy hawwe in soad ynstjoeringen krigen foar in namme foar de nije fytstunnel. In troch ús gearstalde sjuery sil úteinlik beslute wat de namme fan de fytstunnel wurde sil.
Ûnder de ledegearkomste wolle wy dizze namme graach bekend meitsje. Dêrom noegje wy alle leden fan herte út om derby te wêzen.
Hawwe jo in punt dat jo graach op de aginda sette wolle? Dan kin dit foarôf trochjûn oan Pleatslik Belang fia pbsurhuzum@surhuzum.nl. Graach ûntfange wy agindapunten uterlik 29 maaie.
Wy hoopje jim te sjen op 1 juny.
Bestjoer Pleatslik Belang