
Ferslach ledengearkomste Pleatslik Belang Surhuzum - 14 april 2025
Op moandeitejûn 14 april wie de jierlikse ledengearkomste fan Pleatslik Belang Surhuzum yn doarpshûs De Delfeart. Der wie in moaie opkomst en de sfear wie goed.
Lykas oars waard de jûn iepene mei it ûnderdiel “Yn it sintsje sette”. Dit jier waard Siep Folkerts yn it sintsje set foar syn jierrenlange ynset foar it doarp. Sa is er ûnder oare aktyf by it ûnderhâld fan it âlde begraafplak, by de kaartklup, wie jierren belutsen by de organisaasje fan bernesaken yn it doarp, hat er him ynset foar de tsjerke as diaken en wie hy in trou lid fan it Surhústerkoar. Ek foar de buertferieningen It Noard, C. Schuurmanwei en Uterwei hat Siep him ynset.
Yn it jierferslach stiene wy stil by ferskate ûnderwerpen. Bysûndere omtinken wie der foar it hertenkamp De Bistepôle. Wy binne bliid dat troch de ynset fan nije frijwilligers it hertenkamp behâlden bleaun is foar it doarp.
Ek de wenningbou yn Surhuzum kaam oan de oarder. Nei in rige teloarstellings is der no wer foarútsjoch. De gemeente hat yntern jild frijmakke foar it ûntwikkeljen fan wenten. Dat betsjut dat der prosedueres opstart wurde kinne, lykas ûndersiken nei ljocht- en lûdsoerlêst. Pleatslik Belang hat de gemeente wol op it hert drukt dat de belangen fan de mienskip goed behertige wurde moatte. Dêrby wurdt ûnder oare tocht oan de mooglikheid foar DTS om goed gebrûk te bliuwen meitsjen fan harren fjilden.
Der kamen ek fragen út de seal oer de nammeferoaring fan de basisskoalle, fan Johannes Looijengaskoalle nei De Balkespringer. Pleatslik Belang wie hjir net fan op ’e hichte, dat wie ek foar ús in ferrassing.
Wy hawwe ek efkes stilstien by de gearwurking mei Doarpsbelang Stynsgea. De ôfrûne jierren hawwe wy besocht mear gear te wurkjen en de kommende tiid wolle wy hjir serieuzer nei sjen.
Oare ûnderwerpen dy’t oan de oarder kamen wiene de ûntwikkelingen rûnom de fuotbalfjilden yn Surhústerfean en it fernijen fan ús eigen webside. Wy binne dêrmei oan it testen.
De finansjele ferslaggen fan Pleatslik Belang, Grutte Gelf en de Aktiviteitenkommisje binne goedkard troch de leden.

In bysûnder momint wie it ôfskied fan Gerrit de Jong en Klaas Pool, dy’t beide nei seis jier trouwe ynset ôfskie namen fan it bestjoer. Se binne troch it bestjoer betanke foar harren wurk. Der is noch plak foar nije bestjoersleden. Hawwe jo belangstelling? Lit it ús witte!
Wy betankje alle oanwêzigen foar harren belutsenens en hoopje elkenien takom jier wer te sjen.
Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang Surhuzum